Acht ton subsydzje foar yn totaal tweintich projekten yn Súdeast-Fryslân

30 aug 2019 - 11:31

Tweintich projekten yn it súdeasten fan Fryslân krije mei-inoar sawat acht ton subsydzje fan it Iepen Mienskipsfûns. Betingst foar de subsydzje is dat de projekten de leefberheid yn in wyk, doarp of stêd ferbetterje.

Foto: Pexels.com

Ien fan de projekten dy't jild krije, is in plan fan histoaryske feriening Smelne's Erfskip. Dy lit in keunstwurk meitsje fan de mûnestiennen fan it eardere sûkereifabryk, dy't yn Drachten stien hat. Dat projekt kostet yn totaal goed 35.000 euro. Smelne's Erfskip krijt no hast 10.000 euro fan it Iepen Mienskipsfûns.

Twa projekten krije in bydrage fan 35.000 euro. De pleatslike radio fan Noardwâlde, RWC, hat in soad lêsten foar de húsfêsting. Om alles yn stân te hâlden is hast 130.000 euro nedich. Dêrmei wolle se ûnder oare de ferâldere apparatuer ferfange en nije programma's meitsje.

It oare projekt dat 35.000 euro krijt is in grien moetingsplak yn Wolvegea. De doarpsskoalle yn Wolvegea wol in brûzend hert fan de wyk wurde. Op it plak moatte buertbewenners nei skoaltiid boartsje en leare kinne. It folsleine skoalplein wurdt renovearre. Dat kostet yn totaal hast 145.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)