Broekloane yn Wâlterswâld ferkearsfeiliger makke

De fernijde Broekloane yn Wâlterswâld wurdt freedtemiddei offisjeel iepene. De werynrjochting fan de dyk troch it doarp stie by in soad ynwenners op it winskelistje.
Wâlterswâld © Google Street View
Der komt in soad frachtferkear troch it doarp en dat ried de dyk stikken. Boppedat ûntstiene der bytiden gefaarlike situaasjes, omdat der fierstente hurd riden waard troch it swiere frachtferkear, seit Klaas Dillema út Wâlterswâld. Hy wie by de werynrjochting de skeakel tusken it doarp en de gemeente.
De Broekloane is sawol binnen as bûten de beboude kom oanpakt. Dillema leit út wat der dien is om de dyk feiliger te meitsjen: "De as van de weg is op bepaalde plaatsen omgelegd, zodat er een slingering in is gekomen en er is een drempel aan het begin van de bebouwde kom."
Neffens Dillema wie de oanpak hurd nedich: "Het was wel een 30-kilometerweg, maar er werd veel en veel te hard gereden." Dat die ek bliken út mjittingen fan de gemeente. "Het is een kinderrijke buurt en het was gewoon heel gevaarlijk."
It leafst hie Wâlterswâld it frachtferkear hielendal net mear oer de Broekloane hân, mar dat wie finansjeel net helber neffens de gemeente.
Klaas Dillema fan Wâlterswâld oer de fernijde Broekloane