Kollum: "Man en mûs"

30 aug 2019 - 08:26

"De wrâld stiet yn 'e brân! It naait der út op guon plakken, wylst hjir de mûzen dea op 'e dyk lizze. De temperatueren binne fierste heech en guon lju wize wer nei elkoar om in oar de skuld te jaan, mar dat is âld nijs.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

En wat it no is mei dy mûzen, dat begryp ik net. Myn hûntsjes hiene altyd in protte muoite om ien te fangen, mar lêst hiene se binnen it heal oere twa te pakken. Ik wie der op 'e tiid by sadat se dy mûskes net opfrette koene, want dat begruttet my sa.

Se lizze oeral! En net iens altyd oanfretten of platriden mar wol kroandea. Dus, tocht ik, miskien is it yndied wol in teken dat we oan de râne fan de ôfgrûn steane en wy mei man en mûs fergean. En doe tocht ik: 'Stel dat ik de ierde wie? Wat soe ik dan dwaan?'

Tink dy no ris yn dat der in pear lju op dyn hiem omtoarkje soene, sûnder ek mar in bytsje respekt foar dyn eigendom. Peuken úttraapje op it terras datst krekt oanfage hast, lege flessen en oare rotsoai tusken de blommen smite, elkoar de harsens yn slaan, omdat se op deselde stoel sitte wolle en dyn bisten mei in soad geweld slachtsje, omdat se tinke dat se honger hawwe.

Ik hie woest wurden! Ik hie se fan it hiem ôfwâlde, ferrot skolden en miskien wol oanjefte dien by de plysje. Mar stel dat dyn hiem sa grut is as de ierde en it net om in pear minsken giet, mar om miljoenen! En de measten dêrfan gedrage har as heale gearen en fiele har nearne ferantwurdlik foar.

Kinst allinnich net prate, skelle of oanjefte dwaan, mar hast ek folle mear ferstân as dat. As in âlde wize mem en beppe witst datst geweld better net oplosse kinst mei geweld en úteinlik bist wiis mei dyn 'bern', krekt sa as wy mei dy fan ús, ek al binne se bytiden strontferfelend. Mar as nimmen mear nei dy lústerje wol, dan brânt it dy op it lêst yn of jankst miskien wol alles by elkoar. It liket op geweld, mar it is fertriet want dyn hert is brutsen, al sa faak en sa lang.

It binne mar tinzen, hear, mar ik ha der hieltyd mear muoite mei hoe't wy ús misdrage op dizze ierde. No hawwe we hjir noch drûge fuotten en it iennige dat fûl baarnt, is de sinne. Sa mâl liket it net, dochs kin it samar oars. Mar yn stee fan it betinken fan allegear ellinde, ha 'k betocht wêr't ik tankber foar bin.

Bygelyks foar de prachtige moarnen mei it opkommen fan 'e sinne en de soele jûnen. Foar de earste druven dy't we dit jier oan 'e beam hawwe en de apels dy't oerfloedich oan de tûken hingje. Foar it wetter yn 'e feart dêr't minsk en bist ferkuolling yn siket en de kij yn it lân.

Foar it fluitsjen fan de fûgels, de moarnsdauwe en de ryklik folde fruit- en grienteôfdieling yn de winkels. Der binne in soad dingen dêr't we ús soargen oer meitsje kinne, mar der is ek in hiele soad om tankber foar te wêzen. Dus doe tocht ik, as jimme no hjoed ek ris neamme wêr't jim tankber foar binne, we de ierde miskien wol in tjinst bewize kinne.

Positive enerzjy is noait ferkeard, dus litte we dat mei elkoar nei in heger nivo besykje te tillen. As ik de ierde wie, soe ik dêr hiel wiis mei wêze. Krekt sa wiis as mei immen dy't him fatsoenlik gedrage kin op myn hiem."

(advertinsje)
(advertinsje)