Oerlêst troch auto's yn Burgum, rydbewizen ynnommen fan trije jongeren

30 aug 2019 - 07:16

De plysje hat tongersdeitejûn yn Burgum de rydbewizen ynnommen fan trije jonge bestjoerders fanwege harren rydgedrach. Dat barde nei't de plysje in soad meldingen binnen krige fan oerlêst troch auto's op de Markt yn Burgum. Alle fertochten binne 20-jierrige ynwenners fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Fierder hat de plysje in proses-ferbaal jûn foar it net om hawwen fan de autogurdle en ien foar lûdsoerlêst. Ferline wike tongersdei en snein wiene der ek al twa ferbalen útskreaun foar lûdsoerlêst, meldt de plysje Noardeast-Fryslân op Instagram.

Trefwurden: 
plysje Burgum rydbewiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)