Grêven De Lemmer fersakje troch drûchte

De grêven op it algemien begraafplak fan De Lemmer sakje fuort. Dat komt troch de feangrûn ûnder it begraafplak. Dy klinkt yn troch de drûchte fan de ôfrûne perioade. De gemeente hat der in soad wurk fan en is bang dat in permaninte oplossing lestich te finen is.
Grêven begraafplak Lemmer fersakje
Op dit stuit wurde de grêven rige foar rige ophege. Ek wurdt der mei wetter sproeid sadat de boppegrûn wat mear útset. Sa soarget de gemeente De Fryske Marren der ek foar dat it begraafplak moai grien bliuwt.
Dochs bringt dat ek problemen mei him mei: meanmasines kinne eins net meane yn de fersakke stikken. Dêrby soene de masines skea oprinne en krije jo allegearre swarte plakken yn it gers. Dêrom litte se it gers no wat langer stean, wat der ek foar soarget dat de gatten op it earste each minder opfalle.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Ferslachjouwer Jeroen Boersma seach op it begraafplak en prate dêr mei Piet Visser fan de gemeente De Fryske Marren