Brommerrider ferwûne rekke nei fal yn Bûtenpost

29 aug 2019 - 21:57

Op Egypte yn Bûtenpost is tongersdeitejûn in brommerrider ferwûne rekke. Hy soe ûnderút gongen wêze yn in flauwe bocht.

Foto: De Vries Media

It slachtoffer soe nei behanneling mei spoed nei it sikehûs yn Ljouwert brocht wêze. It is net dúdlik hoe't it mei him giet. It ûngelok soe bard wêze neidat de brommerrider skrok fan in tsjinlizzer.

Trefwurden: 
ûngelok Bûtenpost brommer
(Advertinsje)
(Advertinsje)