Middenfjilder Joey Veerman (20) nei SC Hearrenfean

29 aug 2019 - 21:27

SC Hearrenfean sil it team fersterkje mei Joey Veerman. De 20-jierrige middenfjilder komt oer fan FC Volendam.

Joey Veerman yn it shirt fan FC Volendam - Foto: www.orange-pictures.nl

Veerman spile ferline jier troch blessueres mar acht wedstriden. Hy kaam mei-inoar 73 kear út foar Volendam, wêryn't er tolve doelpunten makke.

Keuring

De klups binne al akkoart oer in transfersom. SC Hearrenfean is noch yn petear mei de middenfjilder oer syn kontrakt. Joey Veerman moat ek noch in medyske keuring ûndergean. Hy sil nei alle gedachten freed presintearre wurde.

Oare transfers

Hearrenfean sil foar de ein fan de transferperioade noch op syk nei in middenfjilder en in spits. Ien fan de opsjes op it middenfjild is Alen Halilovic. Hy is 23 jier en komt út Kroäsië. Hearrenfean besiket him te hieren fan AC Milaan. It ôfrûne seizoen spile Halilovic by Standard Luik, mar dêr is er syn basisplak kwyt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)