Organisaasje festival Eilân hâldt fertrouwen, mar baalt fan "azijnpissers"

De organisaasje fan it festival Eilân op Skylge tinkt dat der dochs noch mooglikheden binne om it festival heal septimber te organisearjen. Tongersdei bepaalde de rjochter dat it festival foarearst net trochgean mei. Ek mei de organisaasje noch net begjinne mei de opbou. Neffens de rjochter hat de gemeente flaters makke yn de prosedueres.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Sa sitte yn de evenemintefergunning dy't yntusken al ôfjûn is troch de gemeente gebrekken, neffens de rjochter. Der is noch gjin goede lûdsûntheffing en der moat ek noch in ûntheffing jûn wurden foar it stiltegebiet fan Hee.

"Azijnpissers"

Gerrit Jan Moes fan de festivalorganisaasje baalt fan alle tsjinstân, dy't komt fan Stichting Ons Schellingerland (SOS) en tolve eilanners. "Vergeef me m'n woorden, maar het zijn overwegend de azijnpissers van SOS en een groepje dat overal tegenaan aan het zeiken is. Van dakkapel tot evenementen. Dat hangt mij de strot uit."
Neffens Moes leit de fout fan de prosedueres by de gemeente. Sy moatte dat no ek wer goed meitsje, fynt Moes. "De gemeente heeft het ook een beetje erkend dat hier iets mis is gegaan, dus het is aan hen de taak om het te repareren."

Unwissichheid

Yntusken hawwe leveransiers belle mei de organisaasje oft se noch nei Skylge komme moatte mei de materialen. Fan besikers - der binne sa'n 5.500 kaarten ferkocht - krijt de organisaasje noch net in soad fragen. "Ik vind het nog wel meevallen", fertelt Moes. "De bezoekers wachten nog even af. En mocht het niet doorgaan, dan krijgt iedereen z'n geld terug.
De organisaasje hopet moandei útslútsel te hawwen oer it trochgean fan it festival. Yn de tuskentiid besiket de organisaasje de tarieding fan it festival wol safolle mooglik troch te setten, mar ienfâldich is dat net. "We zijn op dit moment gewoon nog bezig met de productie", seit Moes. "Het is nog een behoorlijke onzekerheid, dat heeft iedereen. Het totale proces wordt verstoord."
Gerrit Jan Moes fan de festivalorganisaasje