Man ferwûne rekke by stekkerij yn Bontebok

29 aug 2019 - 20:51

By stekkerij oan De Grift yn Bontebok is tongersdeitejûn in man ferwûne rekke. Der soe sprake west hawwe fan rûzje tusken twa buormanlju dy't út de hân rûn.

Foto: De Vries Media

Neffens de plysje hiene de manlju spul mei-inoar krige, wêrop't de iene de oare sloech mei in foarwerp. Dy stuts de oar dêrop yn de ûnderearm.

It slachtoffer is troch ambulânsepersoniel behannele en nei it sikehûs brocht. Hy soe net swier ferwûne wêze.

De plysje hat de fertochte oanholden en in oantal wapens yn beslach naam.

Trefwurden: 
Bontebok stekkerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)