Nederlânske follybalsters mei Marrit Jasper ferslaan ek Hongarije en winne pûl

29 aug 2019 - 20:30

De Nederlânske follybalfroulju hawwe op it Europeesk kampioenskip ek fan Hongarije wûn. Se hiene gjin muoite mei de Hongaren en wûnen mei 3-0. Marrit Jasper die yn alle sets mei.

Marrit Jasper yn aksje by in oare wedstriid - Foto: Orange Pictures

De Hongaren waarden yn trije sets ferslein. Dy einigen yn 25-17, 25-13 en 25-15. Marrit Jasper die yn alle trije sets mei en makke ûnder oaren fjouwer punten.

It wie de fiifde oerwinning op rige foar de Nederlanners, dy't it hiele toernoai noch gjin set ferlern hawwe.

Folgjende ronde

Nederlân wie al wis fan de achtste finales en sil it dêryn opnimme tsjin Grikelân. Dy wedstriid wurdt snein spile.

(Advertinsje)
(Advertinsje)