"Poerbêst seizoen Súdwest-Fryslân, mar krekt wat minder drok as ferline jier"

Toeristysk Súdwest-Fryslân hat in goede simmer achter de rêch. Dat seit de VVV Waterland van Friesland, dy't sûnt 1 jannewaris de toeristyske promoasje fan de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren docht. It binne benammen minsken út eigen lân dy't nei it gebiet komme, mar ek út it bûtenlân wei groeit de belangstelling.
Waterland oer toerisme
By fragen fan Waterland van Friesland oan ûndernimmers wurde positive lûden heard oer de simmer fan 2019. Dy wie net sa goed as yn 2018, it jier mei Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa, mar wol better as bygelyks 2017. "It hat in hiel goed seizoen west. It wie wol krekt wat minder drok as ferline jier."
Foar it mjitten fan de toeristyske drokte yn it súdwesten fan Fryslân wurde ferskate metoaden brûkt, fertelt Grietsje Hoekstra fan VVV Waterland van Friesland. Hoekstra. "Wy hawwe bygelyks sjoen nei hoefaak oft online de wurden 'Fryslân' en 'fakânsje' yn ien berjocht neamd wurde. Dêroan sjogge wy dat dat folle faker is as yn 2017."
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Prachtige simmer

Eigener Johannes de Vlugt fan camping 't Séleantsje yn Molkwar hat it oer 'in prachtige simmer'. Nei syn camping komme in soad Dútske toeristen. Mar ek Friezen en minsken fan bûten de provinsje witte it gebiet goed te finen. "Jo witte dat, as it in moaie simmer is, dat de reservearringen foar takom jier alwer binnen komme, dus dat is moai. De Dútsers komme foar de skjinne lucht en foar de ferkuolling fan de Iselmar."
"Wy hawwe efkes fjirtjin dagen wat minder waar hân. Dat heart der ek by. It koe eins net stikken, wat it waar oanbelanget."
Ferslachjouwer Timo Jepkema wie op de camping yn Molkwar
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Tefolle toeristen

Dochs libbet yn de toeristebrânsj ek in eangstbyld: dat fan stêden lykas Amsterdam of Haarlem dêr't it optilt fan de toeristen.
"De leefberheid fine wy it wichtichste. Toerisme en minsken dy't libje en wenje yn it súdwesten fan Fryslân, dat moat mei-inoar akkordearje" leit Hoekstra út. It belied foar de toeristyske sektor sil dêrom drastysk feroarje. "Dat is nij, earder woenen wy hieltyd mear minsken hjir hawwe. No sjogge wy kritysk nei watfoar toeristen hjir komme en wat dy hjir bydrage kinne oan de ekonomy."

Ferspriede

Neffens camping-eigener De Vlugt moat it tal toeristen yn ús lân better ferspraat wurde. "De ferdieling is net goed. Der komme bygelyks fierstente folle minsken nei de tulpefjilden, dus regulearring soe folle better wêze."
Johannes de Vlugt fan camping 't Séleantsje Molkwar © Omrop Fryslân, Timo Jepkema