Hokker Fryske sporters binne al wis fan de Olympyske Spelen?

Roeister Ymkje Clevering hat har mei in finaleplak op it WK yn de fjouwer-sûnder-stjoerfrou fersekere fan dielname oan de Olympyske Spelen 2020. Se is net de earste Friezinne dy't wis is: sylster Marit Bouwmeester wie de alderearste Nederlânske sporter dy't har pleatste foar 'Tokio'.
Epke Zonderland is noch net wis © ANP
De tredde Fryske sporter dy't sa goed as wis is, is mountainbikester Anne Tauber. De Nederlânske mountainbikesters moatte in kear by de earste seis einigje yn in wrâldbekerwedstriid dy't se yn it foar sels oanwize. Dat hat Tauber alris dien. Har Nederlânske konkurrinte Anne Terpstra ek. As lân moat Nederlân der noch wol foar soargje dat se genôch startbewizen krije. Dat wurdt yn maaie 2020 pas dúdlik. It hinget derfan ôf hoe heech oft Nederlân dan stiet op de ranglist fan it ynternasjonale fytsbûn.

Fuotbalsters

It Nederlânske fuotbalteam hat him ek pleatst foar de Olympyske Spelen. Dêr sitte geregeld wat Friezen by. Op it lêste grutte toernoai, it WK ôfrûne simmer, wiene dat Loes Geurts en Sherida Spitse. As sy takom jier wer selektearre wurde, binne dat wer twa Friezinnen op de Olympyske Spelen. Sisca Folkertsma soe ek meidwaan oan it WK, mar heakke mei in blessuere ôf.

Turnjen

Olympysk kampioen fan 2012, Epke Zonderland, is noch net wis fan Tokio. De Nederlânske turnploegen dogge yn oktober mei oan it WK yn Stuttgaart. As se dan by de bêste njoggen lannen hearre, meie se fjouwer manlju en froulju ôffeardigje. Dêr soe Epke altyd by sitte. Ek Michiel Bletterman en Lieke en Sanne Wevers meitsje kâns.
Slagget it net mei de lannewedstriid op it WK, dan kinne de turners harren ek noch op de yndividuele tastellen pleatse op it WK en yn it wrâldbekersirkwy.

Judo

Fan de Fryske judoka's makket Tornike Tsjakadoea de grutste kâns op dielname fan de Olympyske Spelen. Hy stiet tolfde op de wrâldranglist en is al sa goed as wis fan Tokio.
Yn alle kategoryen giet der mar ien judoka nei de Spelen. Dêrom wurdt it foar Sanne Vermeer en Margriet Bergstra in stik dreger. Vermeer stiet achtste op de wrâldranglist, mar Juul Fransen stiet trije plakken heger. Bergstra - 42e fan de wrâld - konkurrearret mei Sanne Verhagen, dy't alve plakken heger stiet.

Follybal

De Nederlânske frouljus- en manljusploech binne earder dizze moanne beide twadde einige op it earste Olympysk Kwalifikaasjetoernoai. Dat wie krekt net genôch foar pleatsing. Yn jannewaris is de lêste kâns op in twadde kwalifikaasjetoernoai. De winner fan dat toernoai giet dochs noch nei Tokio.
By de froulju makket Marrit Jasper eins altyd diel út fan de seleksje de lêste tiid. Har suske Hester Jasper sit sa no en dan by de seleksje. By it manljusteam wurdt Fryslân fertsjintwurdige troch Gijs van Solkema.

Baanhurdfytsen

Nederlân mei op syn meast fyftjin baanhurdfytsers nei Tokio stjoere: acht manlju en sân froulju. Der is ien Fries dy't kâns makket: Wim Stroetinga. Hy moat yn febrewaris takom jier yn topfoarm wêze: dan is it WK yn Berlyn, it wichtichste mjitmomint.

Oaren?

Roeisters Aletta Jorritsma (frouljus-acht) en Jan van der Bij (manlju-sûnder-stjoerman) meitsje ek noch kâns op de Spelen. Sy ha har, yn tsjinstelling ta Clevering, op it WK fan no noch net pleatst foar Tokio, mar op wrâldbekerwedstriden en it EK fan takom jier krije se nije kânsen.
Oare Fryske sporters dy't noch kâns meitsje binne bygelyks swimster Marrit Steenbergen en heechspringer Douwe Amels.