Ferbetterings spoar te stadich

08 jul 2012 - 12:32

De ferbetterings op it spoar tusken Ljouwert en Swolle gean fierstente stadich. Dat fynt reizgersbelange-organisaasje Rocov. Dizze wike makke de provinsje bekend dat fan takom jier ôf op guon tiden fan de dei trije treinen yn de oere ride sille. Yn 2017 moatte dat fjouwer treinen wêze.

Rocov fynt dat op himsels in goeie ûntjouwing, mar fynt wol dat it hiel lang duorret foardat der wat ferbetteret. It oanlizzen fan it Suderseespoar is net trochgien.

Foarsitter Ettema fan Rocov fynt dat in diel fan dy sinten no yn ferbettering fan de ferbining mei Swolle stutsen wurde moat.

Trefwurden: 
trein spoar Swolle Rocov
(advertinsje)