Tsjinstanners gaswinning Finkegea: "Wiebes seit it iene, mar docht it oare"

29 aug 2019 - 18:05

Ynwenners fan Weststellingwerf hawwe gjin betrouwen mear yn minister Wiebes. De minister seit it iene, mar docht it oare, sizze de tsjinstanners fan it nije winningsplan foar in gasfjild by Finkegea. De saak, oanspand troch de omwenners, tsjinne tongersdei foar de Ried fan Steat.

Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

Vermilion wol oant it jier 2032 goed in miljoen kúb mear gas út de grûn helje as earder de bedoeling wie. Omwenners binne benaud dat de rappere gaswinning ta mear ierdbevings liede sille. Dêrom fregen se de Ried fan Steat it winningsplan te ferneatigjen. Se wolle earst mear ûndersyk en folle hurdere garânsjes dat der gjin gruttere grûndelgong, mear ierdbevingen en skea ûntstean sil.

De minister seit yn in brief oan de Twadde Keamer dat er de winning fan gas yn alle fjilden ôfbouwe sil, mar yn Finkegea en oare lytse gasfjilden wurdt allinnich mar mear gas út de grûn helle en dat is tsjinstridich, fine de omwenners.

Lytse fjilden mei-inoar ferbûn ta ien grut gasfjild

Neffens de tsjinstanners sizze de minister en it Kanadeeske gaswinbedriuw Vermilion dat de winning net folle problemen opsmite sil, want it giet om lytse gasfjilden. Mar al dy lytse fjilden lizze tichtby inoar. Se oerlaapje inoar of stean mei-inoar yn ferbining. Eins is der sprake fan ien grut gasfjild lykas yn Grinslân, sa sizze de beswiermakkers.

Boppedat hat Vermilion by Finkegea yn ferhâlding mear gas út de grûn helle as yn de goed 250 ôfsûnderlike putten yn Grinslân. It bedriuw hat him net oan de eardere fergunning hâlden, omdat it deis twa kear safolle gas wûn hawwe as tastien.

Wannear't de Ried fan Steat útspraak docht yn dizze saak, is noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)