Minister Schouten jout bioboeren gjin ûntheffing fan fosfaatregeling

29 aug 2019 - 17:26

Minister Carola Schouten fan Lânbou wiist it fersyk ta ûntheffing fan it fosfaatrjochtestelsel fan Stichting SOS-Bioboeren en in tal yndividuele melkfeehâlders ôf. De biologyske boeren moatte har oan deselde fosfaatregeling hâlde as oare boeren, wylst biologyske boeren mear as genôch lân hawwe om de dong fan it eigen fee kwyt te kinnen, sizze se.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Doe't yn 2015 bliken die dat de melkfeehâlderij te folle fosfaat produsearje, waard in pear jier letter it fosfaatrjochtestelsel ynsteld. Te folle fosfaat, dat út mest komt, liedt ta problemen foar boaiem- en oerflaktewetter en dat is skealik foar de natuer.

'Foarrinners wurde straft'

"Een kleine groep voorlopers wordt gestraft voor het mestoverschot van de gangbare sector", skriuwt de organisaasje SOS-Bioboeren. Sy hiene mei stipe fan Greenpeace it fersyk ta ûntheffing yntsjinne. "Ondanks het feit dat biologische bedrijfsvoering een antwoord is op de huidige Nederlandse biodiversiteitscrisis, worden de voorlopers willens en wetens door het ministerie in hun voortbestaan bedreigd. Dit staat haaks op de ambities van de minister rond kringlooplandbouw en eerdere uitspraken over de waarde en de toekomst van de biologische sector." Stichting SOS-Bioboeren giet yn beswier tsjin it beslút fan de minister.

Greenpeace begrypt it beslút fan de minister ek net. Kampanjelieder Hilde Anna de Vries: "De noodzaak om deze kleine groep voorlopers, die de goede weg is ingeslagen, te stimuleren is duidelijker dan ooit. Toch blijft de minister een stelsel, dat is vormgegeven om de belangen van de gangbare sector te dienen, met hand en tand verdedigen. Ze zet hiermee de biologische sector doelbewust op slot."

Mooglik rjochtsaak

As de minister ek nei it beswier net om wol, start de groep in rjochtsaak. Earder begûn SOS-Bioboeren al in crowdfundingsaksje om de juridyske proseduere te bekostigjen. Se wolle 30.000 euro ophelje, dêrfan ha se yntusken 26.000 binnen.

(advertinsje)
(advertinsje)