FIDEO: Adopsjeplakken socht foar jonge blinehûnen en helphûnen

29 aug 2019 - 16:56

Der is in tekoart oan opfiedplakken foar help- en blinehûnen. KNGF Geleidehonden siket dêrom frijwilligers yn Fryslân dy't in jier lang in hûntsje adoptearje wolle. It is soms lestich, mar guon saken binne wol nedich om de hûnen op te lieden. Sa moatte se leare om harsels skjin te hâlden en oan de line te rinne, mar ek boartsje. In frijwilliger soarget in jier foar in pup, dêrnei giet er it opliedingstrajekt yn om helphûn te wurden.

Blinepups KNGF Wolvegea

Ferslachjouwer Bauke Deelstra oer de adopsjepuppy's

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Trefwurden: 
blinehûn helphûn adopsje pup
(Advertinsje)
(Advertinsje)