Wer winst Bart Helmholt

08 jul 2012 - 11:31
Foto: awfoto.nl

Bart Helmholt hat sneontejûn de ljepperij yn Drylts wûn. Dizze kear helle de Burgumer gjin 20 meter. Mei 19.86 moast er tefreden wêze. Oane Galama waard twadde. Hy ljepte 10 sintimeter minder fier. By de froulju gong de winst nei Hilianne van der Wal mei 14.92. Daan de Vries pakte syn earste oerwinning by de junioaren mei 17.92 en Tom Hoekstra wie de bêste by de jonges mei 17.26.

Trefwurden: 
fierljeppen Bart Helmholt
(Advertinsje)
(Advertinsje)