Festival Eilân op Skylge mei net trochgean fan de rjochter

29 aug 2019 - 16:39

It festival Eilân op Skylge mei net trochgean fan de rjochter. De evenemintefergunning wurdt skorst, de opbou fan it festival wurdt ferbean.

Festival Eilân op Skylge mei net trochgean fan de rjochter

Om de organisaasje de gelegenheid te jaan om earder te begjinnen mei de opbou, hie de gemeente in 'gedoochfergunning' ôfjûn. Sa hiene se op 7 septimber al it terrein ynrjochtsje kinnen.

5.500 kaarten ferkocht

Alle 5.500 kaarten foar it festival wiene al ferkocht. It festival soe op 12 septimber úteinsette, mar de rjochter sei earder tongersdei al dat de gemeente te let begûn is mei de prosedueres. Sa koe de omjouwingsfergunning noch oant en mei 12 septimber ynsjoen wurde, presys de dei dat it festival begjinne soe.

Salang't de omjouwingsfergunning noch ynsjoen wurde kin, kinne minsken ek noch beswier meitsje. En sa lang kin der neat organisearre wurde.

Neffens in fertsjintwurdiger fan de gemeente hat de gemeente just goed wurk dien yn it foar. Se ha oan ferskate ynstânsjes advys frege, lykas de plysje, de feilichheidsregio en de provinsje.

'Net goed foar natuer'

De saak wie oanspand troch stichting Ons Schellingerland (SOS) en tolve bewenners fan it eilân, fan wa't de helte by it festivalterrein wennet. Sy wolle it festival by it marke fan Hee keare. It soe net goed wêze foar de natuer. Se fine dat it rekreaasjeterrein in plak fan rêst en romte bliuwe moat. Se sizze dat de organisaasje it festival ôfsizze moat en de besikers it jild weromjaan moat.

De festivalorganisaasje spruts tsjin dat de natuer skea oprinne soe.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ut namme fan de tolve eilanners spruts Klara Jongedijk tongersdei: "Het festival past niet op ons eiland van rust en ruimte. Het wordt veel te luid, het zal voor omwonenden slaapproblemen opleveren. Zeldzame dieren als hagedissen hebben eronder te lijden. Wij willen ons eiland ongeschonden doorgeven aan de nieuwe generaties en daarom moet dit worden verboden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)