Automobilist rydt strjitmeubilêr oan yn Ljouwert en naait út nei hûs

29 aug 2019 - 16:20

In ynwenner fan it eardere Littenseradiel wurdt derfan fertocht skea feroarsake te hawwen oan strjitmeubilêr yn Ljouwert. De 49-jierrige man soe woansdeitenacht mei syn auto tsjin in lantearnepeal riden wêze yn de Newtonleane.

Foto: Omrop Fryslân

De man soe ek foar skea soarge hawwe oan de dyk en oan in stopljocht. Nei de tiid naaide de man út, de plysje trof him letter thús oan. Syn auto waard op in oar plak fûn.

Der sil fierder ûndersyk nei him dien wurde.

Trefwurden: 
Ljouwert strjitmeubilêr
(Advertinsje)
(Advertinsje)