Pieter Weening hâldt lang stân

08 jul 2012 - 11:14

Pieter Weening koe yn de sânde etappe fan de Ronde fan Frankryk lang mei de bêsten mei op de lêste klim fan La Planche des Belles Filles. Doe't it tempo him te machtich waard, hat er it wat kalmer oandien. Weening rydt net foar it klassemint en koe sa syn krêften sparje foar de kommende etappe. Dy fan snein hat er oankrúst, dêr lizze kânsen. Mei Bauke Mollema einige er op 2.19 fan winner Christopher Froome. Lieuwe Westra hie noch wol wat hinder fan syn heup nei de fal fan in dei earder. Dochs hat er moraal genôch foar de tiidrit fan moandei.

(advertinsje)