Bedriging en oerfal tankstasjon yn Frjentsjer

In tankstasjon oan de Boargemaster J. Dijkstrawei yn Frjentsjer is tongersdei oerfallen.
© Kappers Media
In man kaam it tankstasjon binnen en bedrige in meiwurker. Dêrnei is er útnaaid. It is net bekend wat de man bút makke hat.
De plysje is in grutte syktocht begûn, ûnder oare by in supermerk yn de buert. Se roppe minsken op sosjale media ek op om harren te melden as se wat fertochts sjoen ha. It tankstasjon is ôfset mei linten.