Rjochter: festival Eilân moat der rekken mei hâlde dat it net trochgean kin

29 aug 2019 - 15:30

De organisaasje fan it festival Eilân op Skylge moat der bot rekken mei hâlde dat it festival net trochgean kin. De rjochter seit tongersdei dat de gemeente te let begûn is mei de prosedueres: sa kin de omjouwingsfergunning noch oant en mei 12 septimber ynsjoen wurde, mar dat is al de dei dat it útferkochte festival mei 5.500 besikers begjint.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Salang't de omjouwingsfergunning noch ynsjoen wurde kin, kinne minsken ek noch beswier meitsje. En sa lang kin der neat organisearre wurde.

Neffens in fertsjintwurdiger fan de gemeente hat de gemeente just goed wurk dien yn it foar. Se ha oan ferskate ynstânsjes advys frege, lykas de plysje, de feilichheidsregio en de provinsje.

'Gedoochfergunning'

Om de organisaasje de gelegenheid te jaan om earder te begjinnen mei de opbou, hat de gemeente in 'gedoochfergunning' ôfjûn. Sa kinne se op 7 septimber al it terrein ynrjochtsje.

Neffens de rjochter kin it festival yn it uterste gefal sels ferplichte wurde om healwei op te hâlden. "Dat zou bijvoorbeeld het geval zijn als het in strijd blijkt te zijn met de natuurwet", seit rjochter Bruinenberg. Daniël van Drunen fan de festivalorganisaasje: "Het afblazen zou verregaande gevolgen hebben. Dat betekent het einde van ons bedrijf."

It plak dêr't it festival holden wurdt - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De saak wie oanspand troch Stichting Ons Schellingerland (SOS) en tolve bewenners fan it eilân, fan wa't de helte by it festivalterrein wennet. Sy wolle it festival by it marke fan Hee keare. It soe net goed wêze foar de natuer. Se fine dat it rekreaasjeterrein in plak fan rêst en romte bliuwe moat. Se sizze dat de organisaasje it festival ôfsizze moat en de besikers it jild weromjaan moat.

Neffens de festivalorganisaasje rint de natuer gjin skea op.

Van Gelder stipet tsjinstanners

Theo van Gelder fan Groene Ster Duurzaam advisearret tsjinstanners fan Eilân. Hy hat tolve eilanners holpen mei juridyske prosedueres en is tongersdei as saakkundige yn de rjochtbank. "We hebben hem gevraagd omdat hij ervaring heeft en omdat wij dat bij dit soort ingewikkelde procedures goed kunnen gebruiken", seit Klara Jongedijk fan de eilanners.

Van Gelder is de man dy't yn it Ljouwerter Griene Stjer-gebiet striidt tsjin festivals dêr. Hy hat de ôfrûne jierren ferskate kearen yn de rjochtbank stien om festivals Promised Land, Welcome to the Village en Psy-Fi tsjin te hâlden of earder ophâlde te litten.

Ut namme fan de tolve eilanners spruts Jongedijk tongersdei: "Het festival past niet op ons eiland van rust en ruimte. Het wordt veel te luid, het zal voor omwonenden slaapproblemen opleveren. Zeldzame dieren als hagedissen hebben eronder te lijden. Wij willen ons eiland ongeschonden doorgeven aan de nieuwe generaties en daarom moet dit worden verboden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)