Heerenveen Lokaal lilk op kolleezje oer gifwolk: "Net efteroer hingje"

29 aug 2019 - 15:13

De partij Heerenveen Lokaal jout in giele kaart oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean. Oanlieding is de hege konsintraasjes kadmium dy't frijkaam binne by metaalhannel De Horne. Heerenveen Lokaal fynt dat it kolleezje net skerp west hat.

Foto: Google Street View

De partij krige begjin augustus in tip fan wurknimmers fan ôffalferwurker Omrin njonken de metaalhannel. Dy wurknimmers fertelden dat Wetterskip Fryslân swiere metalen yn it wetter konstatearre hie. "Doe ha we direkt speurd en fragen steld", fertelt Age Hartsuiker, fraksjefoarsitter fan Heerenveen Lokaal. "Doe't we de fragen ynleveren, krigen we kontakt mei in ferslachjouwer fan de Ljouwerter Krante. Dêr binne we wol bliid mei, want je meie wol hast in detektiveburo ynhiere om antwurd op fragen te krijen."

Hartsuiker is benammen lilk op de provinsje en de FUMO. "We ha geregeld konstatearre dat de organisaasje dêr net yn oarder is en dat it foar de gemeente muoilik is om dêrmei gear te wurkjen. De provinsje hat de gemeente totaal net ynformearre oer problemen, de hanthavening of oertredings."

It kolleezje kin net efteroer hingje en wachtsje oant berjocht.

Age Hartsuiker

Dochs falt it kolleezje fan de gemeente ek wat te ferwiten, neffens Hartsuiker. "As je al sa dreech gearwurkje mei de FUMO, dan moatte je ekstra skerp wêze op dy oare bedriuwen dy't ek yn dy kategory falle. De gemeente hie aktiver ynformearje moatten: hoe stiet it mei dy bedriuwen yn ús gemeente en tichtby ús gemeente? It kolleezje kin net efteroer hingje en wachtsje oant berjocht. As je witte dat it muoilik is, dan moatte je aktyf operearje en josels aktyf ynformearje oer hoe't it stiet by dizze bedriuwen."

Net langer wachtsje

Boargemaster Tjeerd van der Zwan sil oer in wike, yn in kommisjefergadering op 5 septimber, mear ynformaasje jaan. Sa lang wol Hartsuiker lykwols net wachtsje. "Op 21 augustus ha we 27 skritflike fragen yntsjinne. De antwurden dêrop wolle we direkt ha, noch foar dy kommisjefergadering."

(advertinsje)
(advertinsje)