Oanjefte tsjin Schatzenburg

08 jul 2012 - 11:09
Foto: Omrop Fryslân

De eardere behearder Ron van Booma fan it swimbad yn Menaam docht moandei oanjefte by de plysje yn Sint Anne fan smaad en laster. Hy seit dat der neat wier is fan de beskuldigings dat hy it swimbad leechhelle en fernield hat.

Van Booma waard troch eigener Piet Siderius fan it swimbad as behearder oan de kant setten. Van Booma seit dat yn de stikken just stie dat hy de gebouwen leech opleverje moast. It stekt him bot dat hy delsetten wurdt as in dief. Hy wol in koart pleit oanspanne en in skeafergoeding easkje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)