SC Cambuur sûnder Maulun en De Jong tsjin FC Den Bosch

29 aug 2019 - 14:15

De technyske stêf fan SC Cambuur kin freed gjin berop dwaan op Robin Maulun. De middenfjilder rekke ferline wike blessearre tsjin NAC Breda en ûnbrekt ek tsjin FC Den Bosch. Ek trainer Henk de Jong sit op 'e tribune, hy is skorst fanwege syn reade kaart ferline wike.

De coaching wurdt by Cambuur freed dien troch assistint-trainer Sandor van der Heide: "Ik heb er heel veel zin in, maar het is niet iets nieuws of onbekends hoor. Dat het thuis is, is superleuk."

Under de wedstriid is der gjin kontakt tusken Van der Heide en De Jong. "Als je een oortje nodig hebt met iemand op de tribune, ben je niet capabel voor dit vak", seit Van der Heide. Hy kin wol wer beskikke oer Ragnar Oratmangoen, dy't op de bank sit. Dêr sit ek Sven Nieuwpoort, de ferdigener dy't woansdei in ienjierrich kontrakt tekene yn Ljouwert.

Mitchel Paulissen is de ferfanger fan de blessearre Maulun. De Frânsman is net lang út 'e rûlaasje, mar Den Bosch hellet er dus net. It betsjut foar Paulissen syn earste basisplak. "Ik ben naar hier gekomen om te spelen en het is lekker dat de eerste basisplaats daar is. Ik heb zin in morgen."

De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Den Bosch begjint freedtejûn om 20.00 oere. It kommentaar út it Cambuur Stadion wei komt fan Andor Faber. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal mear oer dy wedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)