Roeister Ymkje Clevering nei Olympyske Spelen en finale WK

Friezinne Ymkje Clevering hat har mei de fjouwer-sûnder-stjoerfrou pleatst foar de finale fan it WK roeien yn Linz, Eastenryk. Mei it finaleplak hat de fjouwer-sûnder-stjoerfrou him ek pleatst foar de Olympyske Spelen yn Tokio fan takom jier.
Veronique Meester, Ymkje Clevering, Karolien Florijn en Ellen Hogerwerf © ANP
Clevering roeit mei Veronique Meester, Karolien Florijn en Ellen Hogerwerf. Sy setten tongersdei de rapste tiid del yn de heale finale. De finale is sneon.
Ymkje Clevering is de tredde Fryske sporter dy't har pleatst foar de Olympyske Spelen yn Tokio. De oare twa binne sylster Marit Bouwmeester en mountainbikester Anne Tauber.
Jan van der Bij fan Earnewâld hat him mei de fjouwer-sûnder-stjoerman net pleatst foar de A-finale. Yn de heale finale einigen se as fiifde, wylst se by de earste trije komme moasten om de finale te heljen. Sneon roeie se wol de B-finale.
Ek de frouljus-acht mei Friezinne Aletta Jorritsma hat him net pleatst foar de A-finale op it WK. Yn de werkânsing waarden se fjirde, mar se hiene by de earste twa sitte moatten. Se roeie snein de B-finale.