Eschertentoanstelling Fries Museum nominearre foar lanlike priis

De tentoanstelling Escher op reis, dy't ferline jier te sjen wie yn it Fries Museum, is nominearre foar de Museumtijdschrift Tentoonstellingsprijs 2019. De eksposysje yn Ljouwert is ien fan de tsien kânshawwers op de priis.
'Relativiteit', houtsnede út 1953 © www.mcescher.nl
Publyk bepaalt no wa't dy priis wint en dat kin troch te stimmen fia de webside tentoonstellingsprijs.nl. Op 18 oktober wurdt de priiswinner bekend makke.
Under oare it Stedelijk Museum Amsterdam, it Drents Museum en it Gemeentemuseum Den Haag hearre ek by de kânshawwers.