Plysje hâldt alle senario's noch iepen oer twa brannen yn selde flatgebou

29 aug 2019 - 13:41

It is noch te betiid om konklúzjes te lûken oer de oarsaak fan de brân woansdeitejûn yn in portykflat oan de Boksdoornstrjitte yn Ljouwert. Dat seit wurdfierder Anthony Hogeveen fan de plysje Noard-Nederlân. Ek is it noch net dúdlik oft der in ferbân is tusken dizze brân en dy fan ôfrûne wykein yn itselde flatgebou. It ûndersyk nei de brannen is yn folle gong.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

Omdat der twa brannen yn koarte tiid yn itselde flatgebou wiene, giet de plysje djipper yn op de saak. De earste brân wie yn in flatwenning en de brân fan woansdeitejûn ûntstie yn in berging by de yngong fan de nûmers tsien en tolve. Bewenners dy't heger wennen koenen net goed fuort komme en guon hawwe oan it balkon hongen foardat se rêden waarden. De earste bewenners koene tongersdeitemoarn wer werom nei harren wenning.

Op syk nei spoaren

Neffens plysjewurdfierder Hogeveen is it net maklik om de oarsaak fan de brân fêst te stellen. Dat komt trochdat der in soad wetter brûkt is om it fjoer ûnder kontrôle te krijen. "Waar je dan als politie mee te maken hebt, is dat je op zoek wilt gaan naar sporen die iets kunnen zeggen over het ontstaan van die brand. Maar omdat er ook veel water gebruikt is, wat logisch is, kan het zijn dat je niet altijd sporen aantreft die duiden op de oorzaak van die brand. Daar zijn mijn collega's nog wel even mee bezig."

Hogeveen kin ek noch neat sizze oer de oarsaak fan de earste brân. De plysje hâldt alle senario's noch iepen.

Ferslachjouwer Ronnie Porte en wurdfierder Anthony Hogeveen fan de plysje Noard-Nederlân oer de brân yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)