Brânwacht hat brân yn skuorre mei plomfee yn Makkingea gau ûnder kontrôle

Der hat tongersdeitemiddei brân west yn in skuorre mei plomfee oan de Laagduurswoude by Makkingea. It giet om in skuorre by in partikulier op it hiem, dêr't hinnen en dowen yn sieten.
De brânwacht yn aksje by de skuorre © CAMJO Media
Neffens de brânwacht binne de bisten net rekke troch de brân. Hoe't dy ûntstien is, is noch net dúdlik.
Foar it blussen waarden de korpsen fan Appelskea en Easterwâlde oproppen. Dy hiene it fjoer gau ûnder kontrôle.