Eineksamens twa learlingen Stedelijk Gymnasium ûnjildich om 'ûnregelmjittichheid'

29 aug 2019 - 13:03

De eineksamens fan twa learlingen fan it Ljouwerter Stedelijk Gymnasium binne ûnjildich ferklearre. Wiebe Wieling, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan de oerkoepeljende skoallemienskip Piter Jelles, hat dat beslút yn oerlis mei de Underwiisynspeksje nommen fanwegen in 'ûnregelmjittichheid'.

It giet om eineksamens dy't fan 't maitiid makke binne.

Neffens ferskate boarnen op de skoalle soe in meiwurker fan it gymnasium by de ûnregelmjittichheid belutsen wêze. Wieling wol gjin antwurd jaan op fragen dêroer fanwegen persoanlike belangen en de privacy fan de belutsenen.

It gymnasium fan OSG Piter Jelles yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De ferklearring fan de skoalle:

We hebben geconstateerd dat er een onregelmatigheid heeft plaatsgevonden tijdens de examenperiode. Dit heeft geleid tot de ongeldig verklaring van de examens van twee leerlingen. Er zijn passende maatregelen genomen richting alle betrokkenen. Hierin hebben we in overleg met en naar volle tevredenheid van -onder andere- de Onderwijsinspectie gehandeld. In het kader van persoonlijke belangen en privacy van de betrokkenen kunnen we geen verdere uitspraken doen.

Neffens wurdfierder Daan Jansen fan de ûnderwiisynspeksje hat it Stedelijk Gymnasium korrekt hannele yn dizze affêre. "In zo'n zaak besluit de school. Wij kijken mee of de besluiten passen binnen de wet- of regelgeving en dat is het geval."

As der wat misgiet by eineksamens, binne 'minsklike flaters' troch in meiwurker fan de skoalle gauris de oarsaak, jout Jansen oan. Jansen wol fierder net sizze wat der krekt misgien is op it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)