Feanster MS-pasjint is 10.000 euro kwyt: "Us wrâld stoarte yn"

29 aug 2019 - 12:22

In grutte tebeksetter foar MS-pasjint Joyce Faber fan It Hearrenfean: mear as 10.000 euro dy't ophelle wie mei crowdfunding, is fuort. Dat komt trochdat crowdfundingssite 'Dream or Donate' út de loft helle is.

Joyce en har man Sjouke sammelje jild yn foar stamselterapy yn Moskou. De terapy kostet 60.000 euro en dêrom wiene se mei in crowdfunding begûn. "Us wrâld stoarte echt even yn doe't we derefter kamen dat de site ynienen offline wie en al it jild fuort is", seit Sjouke Faber.

Oanjefte

De webside blykt net betrouber te wêzen. "Dat is sa soer", seit er. "We hiene echt bewust foar dy site keazen. In protte oaren hiene dat ek al dien. It plaatsje liket echt te klopjen." Sjouke Faber leaut de ferklearring fan de eigener, dy't seit dat er hackt is, net. "As ik syn ferhaal hear, dan tink ik direkt: dit is in oplichter. Ik kin it net foar wier oannimme. Dat docht ekstra sear. Hy docht gjin oanjefte, dan geane by my alle alarmbellen ôf." Sels sille Joyce en Sjouke Faber wol oanjefte dwaan.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ik heb ze daar met een rolstoel door de gate zien gaan en lopend terug zien komen.

Joyce Faber oer de terapy yn Moskou

Se kieze bewust foar de djoere stamselterapy yn Moskou. "Daar doen ze dit al twintig jaar en daar hebben ze de meeste ervaring", fertelt Joyce. "Ik heb 85 tot 95 procent kans op stilstand van mijn MS. Ik heb ze daar met een rolstoel door de gate zien gaan en lopend terug zien komen."

Gjin tiid om te wachtsjen

Dizze stamselterapy wurdt yn Nederlân net oanbean. "Foar leukemy wol, foar MS net", seit Sjouke. "Foar MS is it hjir noch net erkend. Dat kin noch wol jierren duorje en dy tiid ha wy net."

En dus moat der jild byelkoar komme om de behanneling yn Moskou te bekostigjen. "We geane der wer mei de folle 100 prosint foar. We ha it gewoan nedich. Joyce is hurd efterútgien. We wolle sa graach dat se in aktivere rol ha kin yn it libben fan ús bern, dat se der as mem wêze kin."

Donearje kin

Donearje kin noch hieltyd. "We ha in webside, msmama.nl. Dêr ha we alle ynformaasje op stean en dêr kinne minsken ek in donaasje dwaan."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra socht Joyce en Sjouke Faber op

(advertinsje)
(advertinsje)