Kwalik belangstelling earste ynfojûn oer gaswinning by Skiermûntseach

Der wie kwalik belangstelling foar de earste ynformaasjejûn oer gaswinning by Skiermûntseach. It bedriuw ONE-Dyas wol tweintich kilometer boppe it Waadeilân miljarden kúb gas út de grûn helje. Mar yn Roodeschool kamen mar sân minsken ôf op de earste ynrinjûn dy't it bedriuw organisearre.
It sealtsje dêr't de ynrinjûn wie © RTV Noord, Steven Radersma
Ien fan dy sân minsken snapt wol wêrom't der hast gjin tsjinstanners op de ynrinjûn wiene. "We zijn al zo getreiterd door de gaswinning. Mensen hebben geen vertrouwen meer dat ze nog iets kunnen uitrichten", seit se. "Want wat ze ook zeggen, de mensen hebben er geen vertrouwen in dat er iets mee gedaan wordt."
In ynwenster fan 't Zandt hopet wol dat der noch wat mei de krityk dien wurdt. "Ga aan het werk om de opslag van zonne- en windenergie beter voor elkaar te krijgen. Dan hoef je geen gas meer te winnen."

Krityk tsjin gaswinning

Der is in soad ferset tsjin de gaswinning yn de Noardsee. De gemeente Skiermûntseach, de provinsje Grinslân en de Waadferiening fine allegear dat de natuer op see mei rêst litten wurde moat. It bedriuw ONE-Dyas hat wol tastimming krigen om de gaswinning ta te rieden. Om de plannen ta te ljochtsjen, binne der ynformaasjejûnen yn Roodeschool, op Borkum en op Skiermûntseach.
Tsjinoer de sân besikers fan de ynrinjûn stiene 18 minsken dy't de ynformaasje joegen. Ien fan harren wie direksjelid Chris de Ruyter fan ONE-Dyas. Neffens him giet it net allinnich om jild. "De kassa is belangrijk voor ons, en ook voor de overheid. Maar binnenlands gas is van belang: het is schoner, het levert geld op dat van nut kan zijn voor de transitie én we worden minder afhankelijk van buitenlands gas. Die drie componenten maken het relevant om gas te winnen uit kleinere velden."

Soargen oer útsicht, boaiemdelgong en piipliedingen

Der komme noch twa ynrinjûnen: ien op it eilân Borkum en ien op Skiermûntseach sels. Dêr komme nei alle gedachten mear minsken op ôf om soargen te uterjen oer bygelyks it útsicht, boaiemdelgong en piipliedingen. "Die zorgen gaan we adresseren in het MER-rapport." MER stiet foar miljeu-effektrapportaazje. Dat ûndersyk moat útwize watfoar gefolgen boarringen ha op it miljeu.
ONE-Dyas hopet yn 2022 of 2023 gas winne te kinnen by Skiermûntseach.
Ferslachjouwer Steven Radersma fan RTV Noord op de ynrinjûn