Twa Fryske ûndernimmers meitsje kâns op ûndernimmingspriis

29 aug 2019 - 11:18

Twa ûndernimmers út Fryslân meitsje kâns op de Jonge Ondernemingsprijs van het Noorden 2019. It giet om Jessica Kuiken fan Marketing Crew út Frjentsjer en Frans Filius fan Grutte Pier Brouwerij út Ljouwert.

Foto: Grutte Pier

Ek in jonge ûndernimmer út Grinslân is nominearre foar de priis. De trije binne keazen út acht kandidaten, dy't earder út alle ynstjoeringen selektearre binne. In sjuery sil no bepale wa fan de trije kandidaten de priis wint. De útslach wurdt begjin oktober bekend makke.

De Jonge Ondernemingsprijs wurdt alle jierren útrikt oan in jonge en suksesfolle ûndernimmer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)