Drokke nacht hoarekaplysje: poepe yn urinoir, lûdsoerlêst en ferkearde ID-kaart

29 aug 2019 - 10:54

De hoarekaplysje fan Ljouwert hat it yn de nacht fan woansdei op tongersdei drok hân. Sa gie in 21-jierrige studint út de gemeente Súdwest-Fryslân op 'e bon fanwege iepenbier dronkenskip. Hy waard fûn op it Ruterskertier en wegere yn earste ynstânsje nei hûs te gean.

Foto: Omrop Fryslân

Oan it begjin fan de jûn wie der in jonge frou dy't yn in kafee in epileptyske oanfal krige. Se lei op de grûn en it personiel hie it kafee ûntromme. De frou waard nei it sikehûs brocht.

Dêrneist moast de hoarekaplysje ûnder oare optrede tsjin lûdsoerlêst út in hûs oan it Ruterskertier: de muzyk waard hieltyd lûder set mei de ruten iepen.

In 17-jierrige jonge út de Noardeastpolder besocht op de ID-kaart fan syn âldere broer in kafee yn te kommen en in Ljouwerter poepte yn in hoarekagelegenheid yn in urinoir. In ynwenner fan de gemeente Waadhoeke gie ek op de bon, omdat er ferfelend wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)