Fitnessketen wol swimbad fol beton stoarte, eigener swimskoalle dupearre

29 aug 2019 - 10:06

Swimskoalle de Noordelijke Zwemacademie yn Ljouwert driget ien fan syn twa leslokaasjes kwyt te reitsjen. De sportskoalle Fitland is oernommen troch fitnessketen Basic-Fit en dy wol fan it swimbad ôf. Se soene it bad letterlik fol beton stoarte wolle.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Eigener Farhad Ashouri fan de Noordelijke Zwemacademie jout yn Ljouwert swimles yn it Kealledykje en yn it swimbad fan de eardere sportskoalle Fitland. Mar dizze lêste lokaasje driget no dus fuort te fallen. Ashouri hearde yn syn fakânsje dat hy mei yngong fan 1 septimber net mear wolkom wie. Hy hat in advokaat ynskeakele.

In koart pleit dat woansdei op 'e rol stie, waard op it alderlêste momint ôfsein, omdat beide partijen dochs wer yn petear binne. Hy mei no foarearst oant 1 novimber bliuwe. Samar derút sette, kin ek net, seit Farhad Ashouri. "Ik had al een bepaalde tijd een contract. Je kunt niet binnen twee weken zeggen: 'Je moet je organisatie opruimen en ergens anders naartoe gaan'. Vooral omdat je weet dat zwembaden op dit moment schaars zijn, die kun je niet zomaar ergens anders krijgen."

In grapke?

Ashouri tocht earst dat Basic-Fit in grapke makke oer it stoarten fan beton yn it swimbad. "Dat moet een grapje zijn", seit er. "Het is gewoon zo extreem, dat hoeft voor mij niet." Hy is bliid dat er no foarearst bliuwe mei, mar eins wol er hielendal net fuort.

Neffens Ashouri wol de fitnessketen net troch mei it swimbad, omdat it te djoer wêze soe en net yn harren konsept passe soe. "Ik begrijp het wel, een zwembad is duur, een zwemparadijs. Maar een zwembadje waar 250 kuub water in zit, is niet duur. Het is een kwestie van even het concept aanpassen en laat iedereen het maar gewoon gebruiken."

Eigener Farhad Ashouri fan de Noordelijke Zwemacademie

(Advertinsje)
(Advertinsje)