Balkon as flechtrûte by flatbrân: "Wachten was geen optie, het was helemaal zwart"

29 aug 2019 - 10:02

De plysje docht tongersdei ekstra ûndersyk nei de twadde brân yn koarte tiid yn in portykflat oan de Boksdoornstrjitte yn Ljouwert. Nei in melding fan brân woansdeitejûn yn de kelder fan dizze flat waard der grut útpakt troch plysje en de brânwacht. De brân wie gau ûnder kontrôle, mar by de bewenners siet de skrik der goed yn.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

It appartemintekompleks bestiet út trije lagen en guon minsken koene net fia de foardoar út it gebou komme. Twa bewenners op de twadde ferdjipping hongen oan in balkon en binne troch in omstanner nei ûnderen helle. "Ik lag te slapen en ik moest hoesten, dus toen werd ik wakker. Allemaal rook. Ik heb de voordeur opengedaan en toen kwam er een zwarte walm binnen. Dus heb ik de deur snel dicht getrapt en ben het raam uitgesprongen, vanaf het balkon." Gefaarlik? "Dat wel, maar de brand was nog gevaarlijker."

Foto: Visser

In oare man hong ek oan it balkon: "Op drie hoog. Maar wachten was geen optie, want het was helemaal zwart."

Bylden fan de brân:

Ofrûne sneon wie der dus ek al brân yn deselde flat. "Ien bûten rôp dat ik derút moast. Ik tocht: alwer? It is de twadde kear al. Mar doe die ik de foardoar iepen: neat oars as reek en swarte rommel."

In kroech yn de buert waard brûkt as opfangplak. Ien man wie dêrhinne rûn yn de ûnderbroek. "M'n oudste dochter heeft met net een broek gebracht, want ik ben in de onderbroek uit het raam gesprongen." Benaud is er net: "Ik ben altijd beroepsmilitair geweest, ze maken mij de pis niet lauw."

Bewenners oer de twadde brân yn koarte tiid

(Advertinsje)
(Advertinsje)