Kollum: "Poep"

"Ut de wrâld fan ferbjusterjende berjochten lies ik juster oer rioelslib; en wit no om te begjinnen wat it is, dat we der nuver mei omgean en dat myn poep troch it hiele lân fersleept wurdt. It is wer sa'n typyske ynsjoch yn ferburgen lagen fan de deistige werklikheid. En fan dy lagen binne der in protte.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Yn myn wenplak Amsterdam stiet in ôffalferbrâningsoven dy't it net mear goed docht. Al twa moannen is der wat mis mei de feiligens by dat ding, en dat hat grutte gefolgen foar de ôffalferwurking yn 'e haadstêd. It Amsterdamske ôffal wurdt oeral hinne sleept, sa as nei It Hearrenfean, en dat is oanlieding foar de Vereniging Afvalbedrijven om fan in nasjonale krisis te sprekken. Mar yn dy Amsterdamske oven wurdt net allinnich hús- en bedriuwsôffal ferbrând, ek rioelslib. En dat wist ik net.
De Volkskrant hat it útsocht, en leit út dat út de rioelsuveringsynstallaasjes skjin wetter komt, mar ek rioelslib. Dat stjonkende guod siede se yn oant it punt dat it ferbrând wurde kin. Foar de Amsterdamske poep, en dan giet it oer 250 ton de dei - ja, der wurdt wat ôfskiten hjir - jildt dat dat barde yn dy oven. Dy't it no dus net mear docht. Dus moat it fuortbrocht wurde, want oars soe dy 250 ton de dei it Noordzeekanaal yn streame, neffens in dykgraaf hjir. Dat liket my behoarlik ellindich.
Dus wat moatte we der mei? Yn Nederlân is wetlik fêstlein dat rioelslib mar op twa plakken telâne komme mei: yn in ferbrâningsoven of yn in opslach. Miljeuregeljouwing. Wat ek barde, is dat it nei Dútslân brocht waard: dêr kaam it op 'e ikkers. Dêr mei dat dus al: minskepoep tusken de ierappels, of no ja, sa lês ik dat dan yn myn krante, en tink dan, dat bart dus deistich en dêr witte we dus neat fan. Ik ha yntusken even net mear safolle sin yn kartoffelsalade.
No ha de ôffalferwurkers sa skerp en sûnder marzje operearre, dat mei it útfallen fan in diel fan dy Amsterdamske oven, fuortendaliks sprake is fan in lanlik ôffalprobleem. Se ha dus net sa as ik, om it fergelyk te lûken, in belbondel fan rom boppe wat ik moanliks brûk, om't as ik in kear wat mear belje, it in lanlike krisis is, dy't folle mear kostet dan wat dy net brûkte ekstra belminuten byinoar my kostje. En dizze rioelslibkrisis kostet ús wat. Want út Amsterdam wei ride no alle dagen acht frachtweinen nei Terneuzen om dêr it rioelslib te bringen. Koartlyn brochten se it sels nei Delfzijl, en no slepe se it ek wer werom, it hiele lân troch, om it ek nei Terneuzen te bringen, om't it yn Delfzijl net langer lizze kin. Amsterdamske poep giet oeral.
Dútslân is gjin opsje mear. Sy sitte ek oan 'e maks mei ferbrâningskapasiteit fan rioelslib; it bart dêr no yn brúnkoalsintrales. Folle smoarger kin it ferhaal ek net wurde, tocht ik. Ik wol echt net alle dagen mei de poep fan my en myn buorlju dwaande wêze, mar dit is dochs einleas nijsgjirrich. Ik bedoel: we ha de mûle fol oer hoe ferskriklik it is dat der dielen fan de Amazône yn 'e brân steane, mar wat witte we no einliks oer wat foar effekt wy sels no echt ha op it miljeu, hjir.
Fun fact: de finansjeel direkteur fan de Amsterdamske kapotte oven hat dit wykein syn ôftrêdzjen oankundige; fertsjinne hast twa ton it jier; en krijt maksimaal 75.000 euro ûntslachfergoeding. Jild stjonkt net.
Sa't ik sei, it is sa'n diel fan 'e werklikheid dêr't je gjin weet fan hawwe. En nee, dat leit net oan 'e media. It ôffalbedriuw yn Terneuzen dat de Amsterdamske poep no opslacht, is troch de Volkskrant frege om ynformaasje. Mar dy wegeret dat: 'Wij zitten als bedrijf helemaal niet op publiciteit te wachten'. En: 'Terwijl wij het netjes hebben geregeld. Woont u in Amsterdam? Poept u ook? Wilt u dat blijven doen? Wij zorgen er voor dat dat kan.' Ik tink dat je sokke taal allinnich brûke as je witte wat foar rekken oft der úteinlik nei de gemeente Amsterdam giet."