Fryslân bliuwt achter by eksplosive groei tal speed-pedelecs yn Nederlân

29 aug 2019 - 08:23

Fryslân heart by de provinsjes dêr't it tal speed-pedelecs it minst hurd groeit. Yn de ôfrûne twa jier naam it oantal yn Nederlân mei 62 prosint ta. De provinsje mei de grutste groei is Utrecht, dêr't de 100.000 ynwenners goed 140 fan de rappe e-bikes ride. Yn Fryslân binne dat der mar 89. Yn de provinsje Grinslân groeide it tal speed-pedelecs hiel bot, mei mar leafst 86 prosint.

Foto: ANP

In speed-pedelec is een ekstra rappe e-bike, dêr't je maksimaal 45 kilometer de oere mei ride meie. De regels foar it gebrûk fan sa'n fyts binne itselde as by in bromfyts. De brûker moat in helm drage en de fyts moat registrearre wurde mei in giel kenteken.

Speed-pedelecs binne in stik djoerder as gewoane elektryske fytsen. Foar minder as 1.000 euro kinst al in e-bike keapje, mar in speed-pedelec kostet tusken de 3.000 en 10.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)