Fertraging op spoar Ljouwert-Grins troch kabelbreuk by Zuidhorn

29 aug 2019 - 07:28

Treinreizgers moatte tongersdei rekken hâlde mei fertraging op it spoar tusken Ljouwert en Grins. Troch in kabelbreuk by Zuidhorn ride der gjin treinen tusken it doarp en de stêd Grins. Arriva hat bussen ynset. It duorret nei ferwachting oant 13.30 oere dat de treinen wer normaal ride.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De stoptrein fan 06.51 oere fan Ljouwert ôf is útfallen fanwege de steuring.

De problemen binne ûntstien by wurksumheden oan it spoar, dêrby binne kabels stikken makke.

Trefwurden: 
Ljouwert trein Arriva Grins
(advertinsje)
(advertinsje)