Twa ferwûnen by botsing tusken frachtwein en buske op A7, kilometerslange file

29 aug 2019 - 07:04

Twa minsken binne tongersdeitemoarn betiid ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by Beetstersweach. In frachtwein kaam op de sneldyk yn botsing mei in pick up bus en it buske rekke dêrby swier skansearre. De ferwûnen binne oerbrocht nei it sikehûs, ien fan harren soe der slim oan ta wêze.

Meardere helptsjinsten waarden oproppen, wêrûnder in traumahelikopter. De helikopter lâne op de sneldyk en dêrfoar waard de A7 rjochting Grins ôfsletten. Troch it ûngelok ûntstie der in file fan mear as sân kilometer tusken Hearrenfean en Drachten.

It is noch net bekend hoe't it ûngelok barre koe. De plysje docht ûndersyk.

Foto: Srfotografie

Ferslachjouwer Bauke Deelstra stie op de A7 yn de file dy't nei it ûngelok ûntstie

(Advertinsje)
(Advertinsje)