UPDATE: Brân master yn Boksdoornstrjitte yn Ljouwert, minsken allegearre befrijd

Yn in portykflat oan de Boksdoornstrjitte yn Ljouwert wie woansdeitejûn in grutte brân. De brân soe yn de kelder fan it kompleks ûntstien wêze. It appartemintekompleks bestiet út trije lagen en guon minsken soene net út it gebou komme kinne. In man op de twadde ferdjipping hong oan in balkon en is troch in omstanner nei ûnderen helle. De brânwacht jout oan dat de brân yntusken ûnder kontrôle is, dat der seis apparteminten ûntromme binne en dat der trije minsken troch ambulânsepersoniel kontrolearre binne.
Brân Boksdoornstrjitte yn Ljouwert
De brânwacht fan Ljouwert is op it plak oanwêzich en ek trije korpsen út omlizzende plakken binne ynskeakele. Fierder wie der in traumahelikopter. De strjitte is ôfsletten en de brânwacht hat oanjûn ek in hûn en in parkyt út de wenningen helle te hawwen.
Hoe't de brân krekt ûntstie, is net bekend. Neffens omwenners soe der in hurde knal by de brân te hearren west ha. It kompleks stammet út de jierren '50.

Twadde brân yn fiif dagen

It is al de twadde kear yn fiif dagen dat der brân yn de portykflat is. Yn de nacht fan freed 23 op sneon 24 augustus wie der ek al brân yn itselde gebou. Doe waard der ek in bewenner oanholden, dy't nei syn hûs woe om in hûn te rêden. Hy waard tsjinholden en reagearre agressyf.
© CAMJO media / Robert Jan Boonstra
Wurdfierder Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht Ljouwert