ONS Snits giet mei 3-0 ûnderút tsjin ADO’20 yn KNVB-beker

28 aug 2019 - 21:51

ONS Snits hat woansdei yn Heemskerk mei 3-0 ferlern fan ADO'20. It gie om de earste kwalifikaasjeronde foar de KNVB-beker. De Snitsers lizze dêrom út it toernoai. Mazreku, Brenna en Allahdad makken de goals foar ADO'20.

Foto: Omrop Fryslân

ADO'20 kaam al nei fiif minuten op foarsprong troch in yntikker fan Sead Mazreku. Dêrnei krige ONS wol wat kânsen, benammen Jan Dommerholt wie in pear kear tichtby. De lykmakker meitsje slagge lykwols net.

In lyts healoere foar de ein fan de wedstriid koe Maurizio Brenna de 2-0 foar ADO'20 meitsje mei in skot fan ôfstân. ONS hope noch op in strafskop, nei't ynfaller Ruendel Martina nei de grûn gie yn it strafskopgebiet fan de Heemskerkers. Hy krige lykwols giel foar in schwalbe.

Fiif minuten makke Meraj Allahdad dien wurk foar de thúsklup: 3-0. Dêrmei einiget it bekeraventoer fan ONS Snits yn de earste kwalifikaasjeronde.

Opstelling ONS Snits: Ditewig (k), Kuipers, Prijor, Van Lingen, Van Dijk, Tankink (78/Martina), Dommerholt, De Graaf (66/Dos Santos), Burger, Den Hoedt (77/Arissen), Crowther

(Advertinsje)
(Advertinsje)