FNP kritysk op Deputearre Steaten oer subsydzjekwestje Adelaartsjerke

De FNP-Steatefraksje is kritysk op Deputearre Steaten oer de subsydzjekwestje om de Adelaarstsjerke yn Ljouwert. Neffens FNP liket de ynterne behearsking by de provinsje fan ynformaasje oer subsydzjes net op oarder. It die bliken dat de 140.000 euro dy't yn 2016 oan projektûntwikkelder S&L oermakke is foar de werbestimming fan it gebou, weromfoardere wurde moat. De ferbou fan de tsjerke leit al lang stil en dêrom is in hierkontrakt foar 45 soarchapparteminten ûntbûn.
© Omrop Fryslân
Neffens FNP is it tige frjemd dat de provinsje sels nei in wike noch neat sizze koe oer wat no de status fan de subsydzje-oanfraach wie. "De provinsje moat dêr skerper op wêze as bliken docht dat projektûntwikkelders wol it jild opstrike mar dêrnei de boel gau wer trochferkeapje," jout wurdfierder Corlienke de Jong oan.

Wa is ferantwurdlik?

De Jong wol witte hoe't de ynformaasje krekt yn it provinsjale subsydzjeregister fêstlein wurdt en oft der noch mear fan sokke gefallen binne. It is de FNP net dúdlik wa't no ferantwurdlik is om de ynformaasje oer subsydzjes by te hâlden by de provinsje.