Auto bedarret yn de sleat neist de A7 by Beetstersweach

28 aug 2019 - 20:36

Op de A7 by Beetstersweach is woansdei in auto yn de sleat bedarre. Der rekke lykwols net ien ferwûne by it ûngelok. De auto kaam fan Drachten en ried yn de rjochting fan Beetstersweach.

Foto: De Vries Media

De brânwacht waard noch efkes oproppen, om't it earst like dat der noch ien yn de auto siet. Mar dat wie net it gefal. De auto is yntusken út de sleat helle.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Beetstersweach
(Advertinsje)
(Advertinsje)