Spesjale senioaredei yn Bûtenpost: yn It Koartling moat âldereinwurk komme

28 aug 2019 - 20:28

Sosjaal Kultureel Sintrum It Koartling yn Bûtenpost hâldt op 27 septimber in dei spesjaal foar senioaren. Dat docht it sintrum tegearre mei de OSiF, de Onafhankelijke Seniorenvereniging in Fryslân. Yn it gebou moat âldereinwurk foar en troch 55+'ers fan de grûn komme en de winsk fan de OSiF is om yn it doarp in lokale ôfdieling op te rjochtsjen.

It Koartling yn Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân

Us lân hat te krijen mei fergrizing en dy ûntwikkeling freget neffens It Koartling om in goede sosjale ynfrastruktuer foar âlderein. Sa kin net eltsenien mear sels iten siede en binne der in soad âlde minsken dy't gebrûk meitsje fan mielservice. Soks moat goed regele wurde.

OSiF

De Onafhankelijke Seniorenvereniging in Fryslân is yn 2016 oprjochte, nei't de eardere ôfdielingen fan de Algemene Nederlandse Bond voor Ouderen weifoelen. De feriening hat as doel it stypjen fan lokals senioareferieningen yn de provinsje.

Op de spesjale dei yn Bûtenpost kinne ek lokale inisjativen harren plannen foar senioaren presintearje.

(advertinsje)
(advertinsje)