De Gordyk wint DIFDD

08 jul 2012 - 10:17

De Gordyk is sneon útroppen ta winner fan Doch it foar dyn doarp. Ald- en Nijhoarne waard twadde en Nij Beets tredde. De priis foar it bêste talint gie nei twa rappers fan Boerum. De trije priiswinners krije 7500, 5000 en 2500 euro fan it Oranje Fonds.

Sneontejûn wie de finale fan Doch it foar dyn doarp yn Hantum, it lêste doarp yn de rige. Yn totaal diene der 14 doarpen mei oan it programma. De doarpen makken elk in wike lang in healoere live tillevyzje. Takom jier is it programma der wer. Doarpen kinne harren opjaan by Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)