Ynbraak yn kantoar en loads fan houtboubedriuw yn Kollumersweach

28 aug 2019 - 20:11

Yn Kollumersweach is yn de nacht fan tiisdei op woansdei ynbrutsen by it bedriuw Gommers Houtbouw oan de Teake Pieterslân. Op de Facebookside fan it bedriuw stiet no in oprop om't men op syk is nei tsjûgen fan de ynbraak yn de loads en yn it kantoar.

Foto: Gommers Houtbouw

Neffens it bedriuw hat der tiisdeitejûn in auto foar it pân stien. Deselde auto hat nei alle gedachten ek in part fan de nacht op de strjitte Hananburch stien, súdliker yn it doarp. Dizze auto soe neffens Gommers Houtbouw mooglik te krijen hawwe mei de ynbraak.

Oft der wat stellen is en oft der skea oan it gebou is, hat it bedriuw noch net bekend makke. By it bedriuw wurdt bygelyks houten gevelbeklaaiïng makke, lykas houten feranda's en garaazjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)