ChristenUnie fernuveret him oer treinen tusken Ljouwert-Harns sûnder wc

28 aug 2019 - 20:00

De provinsjale fraksje fan de ChristenUnie is der net bliid mei dat der fan septimber ôf treinen riden sûnder wc, tusken Ljouwert en de haven fan Harns. Neffens Matthijs de Vries fan de partij is der net neitocht oer in kwetsbere groep minsken, lykas âlderein, siken, bern en froulju yn ferwachting. Minsken mei blaas- en termproblemen kinne bygelyks net samar in trein pakke sûnder wc.

Foto: Pxhere

De fraksje freget oan it kolleezje fan Deputearre Steaten wêrom dêr foar keazen is en oft it tydlik is of bliuwend. ChristenUnie wol graach witte oft it kolleezje ree is in ûndersyk nei de tefredenens út te fieren op it trajekt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)