Scooter botst op auto by Speelpark Sanjesfertier yn Feanwâlden

28 aug 2019 - 19:48

Op De Sanjes yn Feanwâlden, by de útgong fan Speelpark Sansjesfertier, binne woansdei in auto en in scooter op inoar botst. It liket derop dat de bestjoerder fan de scooter de auto net oankommen seach, dy't fan Sanjesfertier ôf kaam.

Foto: Kevin van der Velde / ProNews

De bestjoerder fan de scooter foel op 'e dyk en moast troch ambulânsepersoniel ûndersocht wurde. Hoe't it no mei de bestjoerder is, is net bekend. De auto en de scooter rekken skansearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)