Fryske rapper Remon makket kleurboek oer Nederlânske rappers

28 aug 2019 - 19:39

Remon de Jong, dy't bekend wurden is as de Fryske rapper Remon, is dwaande mei in kleurboek dêr't alle Nederlânske rappers yn steane. It is rjochte op bern, mar hy hopet dat it ek oanslacht by folwoeksenen.

De Jong fertelt oer it boek yn it radioprogramma Weistra op wei.

Der steane net allinne kleurplaten yn it boek, mar ek ynformaasje oer de rappers. "As je bern kreatyf prikkelje, is it makliker om se wat skiednis oan te bieden", seit De Jong.

"It wie in hiel projekt"

It is noch net wis oft it boek der echt komt. De sinteraasje is noch net rûn. De Jong hat in crowdfundingsaksje op tou set. Minsken dy't jild jouwe, kinne in kleurboek krije, of, as se genôch betelje, komme se sels mei in kleurplaat yn it boek te stean.

"Ik bin der al in jier mei oan de gong", seit De Jong. "Je moatte earst tastimming fan de artysten krije. Dat wie in hiel projekt. En dan tekeningen meitsje. Dat is posityf eskalearre, want der binne al mear as 120 artysten dy't der yn komme."

"Ik wie der wol klear mei"

De Jong waard bekend as Fryske rapper, mar dêr is er oardel jier lyn definityf mei ophôlden. "Ik wie der wol in bytsje klear mei. Oare dingen fregen myn oandacht, en dat befoel my wol. Mar ik fyn it wol leuk om no wer wat te dwaan mei de rap-scene."

It is de bedoeling dat it boek foar de feestdagen yn de winkels leit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)